Op ‘ e dyk lâns it wetter
op dizze moaie maaitiidmiddei
mije wy inoar as de pest
mei sletten mûlen en in glim

We binne yn de ban fan it spoek
dat fan man op man springt
en hingelet nei us dea

Op ‘e fyts helje ik
de kuierders net yn
mar slalomje om harren hinne

By syn skip moetsje ik
in âlde freon en wy sette
ús te praten op in hikke
hy by de iene peal en ik op
ôfstân by de oare

Je sille je grutte leafde
foar it earst of nei lange tiid
op in dei as dizze treffe

By de supermerk poetst in jonge
Hieltyd de hanfetten fan de karren
en pleksiglês skied ús fan de lju
efter de toanbank en de kassa’s

Myn heit en mem sjoch ik no en dan
mar ik reitsje harren en sy my
no al twa wike net mear oan

We jouwe iten oan inoar oer
en waskje ús dêrnei foar de
wissichheid de hannen

Kinst it leauwe?

– Hidde Boursmoi

Op de dijk langs het water
op deze mooie voorjaarsmiddag
mijden wij elkaar als de pest
met gesloten monden en een knikje

We zijn in de ban van het spook
dat van man op man springt
en hengelt naar onze dood

Op mijn fiets haal ik
de wandelaars niet in
maar slalom om hen heen

Bij zijn schip tref ik
een oude vriend en wij
gaan zitten praten op een hek 
hij bij de ene paal en ik
op afstand op bij de andere

Je zult je grote liefde
voor het eerst of na lange tijd
op een dag als deze ontmoeten

Bij de supermarkt poetst een jongen
steeds de handvaten van de karren
en plexiglas scheidt ons van de lui 
achter de toonbank en de kassa’s

Mijn vader en moeder zie ik nu en dan
maar ik raak hen en zij mij
nu al twee weken niet meer aan

We reiken elkaar eten over
en wassen daarna voor de
zekerheid onze handen

Kun je het geloven?

– Hidde Boursmoi

Geef een reactie